De inhoud is geladen.

Logo gemeente Opsterland
Logo gemeente Opsterland

Gemeentedichter

De Gemeente Opsterland heeft een eigen Dichter, die met woorden de verhalen, natuur en het leven in onze gemeente vastlegt. De Dichter brengt op creatieve wijze poëzie tot leven bij evenementen, herdenkingen en andere lokale initiatieven. Deze bijzondere rol draagt bij aan de culturele beleving van Opsterland en biedt een inspirerende verbinding tussen de inwoners en de gemeente. Iedere twee jaar wordt er een nieuwe Dichter gezocht.

De gemeentedichter van 2024-2026

Adri de Boer (1956 Surhústerfean) hat sa ’n bytsje syn hiele libben muzyk makke. It gesin dêr ’t hy yn opgroeide wie altyd mei muzyk dwaande. Syn âlden songen by it oratorium en alle bern hawwe oargelles folgje. Yn 1973 begûn Adri op Borneroord yn Beetstersweach te wurkjen as sântjin jieriche jonge en nei 42 jier yn de soarg wurke te hawwen, yn 2015 is hy folslein de muzyk yn gien. Al 38 jier is Adri al oan it sjongen yn it Fryske lânskip, en hat in tsiental solo albums útbrocht, wûn trije kear it Fryske sjongfestival Liet ( 1998 -2001 en 2021 ) en waard yn 2002 nominearre foar de bernlef priis foar syn kompositoryske kwaliteiten. Neist frysktalich trûbadoer, is hy ek noch muzikaal lieder fan in popkoor en sûnt septimber 2024 beneamd foar twa jier as gemeentesjonger/dichter fan Opsterlân. Mear ynformaasje oer Adri fine jo op syn webside.

Gedichten van de Adri de Boer

Ofskie fan de rie

30 maart 2026

Yn de riedseal under lampeljocht
mei stikken en debat
waard der nei foarutgong socht
hoe it ne de takomst moast
foar us sechtjin moaie doarpen
foar in stabiel en wis bestean
der is socht nei goeie stappen
mei belied moast dat gean

dit Opsterlânsk bestjoer
hat fjouwer jier funtionearre
dat gie mei passy en mei fjoer
der is hiel wat de revue passearre
hiel wat moasjes ynstjinne
om it soms wat oars te krijen
wolris dreech it paad derhinne
mar nea waard it in lijen

in au revoir is 't foar de ien
foar de oar in nije ynstek
tank foar 't wurk yn t alqemien
en jimme tiid yn dit trajekt

yn dizze setting binn' jimme klear
en treed de rie no of
In ofskied jun yn prima sfear
al binn' guon miskien no wat drôf
fjouwer jier is in hiel ein
foar Opsterlan opkomme
der folop enerzjy yn lein
der ha jim wis net yn fersomme

in au revoir is 't foar de ien
foar de oar in nije ynstek
tank foar 't wurk yn t algemien
en jimme tiid yn dit trajekt
wez grutsk op dat wat slagge
net op wat noch moatten hie
lit dy qedachte no mar farre
it is no oan de nije rie

Adieu en oan 't sjen

Adri de Boer qemeentesjonger/dichter fan Opsterlan 2024-2026

Gouden Femke

Gouden Femke

Dizze winter yn Milaan            

dêr wie it dy lang om te dwaan

op de redens ’t leafst alles winne

mei team NL giesto dêr hinne.

Foar de tv mei úze snút

raasden wy dy lûd foarút

op ‘t earste plak woene wy dy ha

as grutte fans ja fan komsa.

Foar gjinien bisto benoud

dêrom hasto it olympysk goud

de hiele wrâld hat it no sjoen

do bist in wiere kampioen.

Al wie net alles goud foar dy

prachtig sulver sit der ek noch by

bist in wiere iis oanbidder

en dan wurdst ek nochris ridder.        

Tjsonge jonge dyn slach sa fûl

En bliuwst derby sa super koel

der kin gjinien op de wrâld no winne

fan dizze  super iiskeizerinne.

Foar gjinien bisto benoud……

Op ‘t WK sprint ek it earste plak

doe gie Thialf fet út syn dak   

Opsterlân is grutsk op dy

dêrom no dizze feestpartij

Foar gjinien bisto benoud……

Adri de Boer 

mrt 2026

Lit ús klinke

De hal rint fol en moai yn it ljocht
it moetsjen wer  yn goeie sfear
de earste boarger dy ‘;t de speech wer docht
en de bubbels steane klear
efkes werom sjen yn it koart
mar de blik mear op foarút
der echt hiel wat barre moat
it gûnzet rûnom absolút.

Lit ús klinke hjir yn Opsterlân
op dat wat ús ferbynt
mei de bubbels yn ‘e hân
op dat de sinne oeral skynt.

in jier mei in soad reboelje
it populisme tiert rûnom
wy kinn’ ús net mear ferskûlje
fine oeral wol wat fan
de boargemaster op besite
yn elk doarp fan Opsterlân
wy moatt’ fansels wol hiel goed witte
by krisis wat te dwaan.

Lit ús klinke…..

En wy meie dit jier kieze 
foar in nije ried
’t sil 18 maart útwize
wa der dan yn giet
it stimmen soe wat griener kinne
ferline jier ien grut geklier
ja wis ik gean wol stimme
mar asjebleaft …..op lytser pepier

Lit ús klinke…..

Adri de Boer
Jan. 2025

Opsterlân myn Opsterlân

Yn ús bysûndere Opsterlân, 
út Upsateraland ûntstien, 
wenje wy hjir op it sân, 
om ús hinne folop grien. 
’t Âld Djip, de pearske heide, 
in lânskip hjir fan komsa, 
de Frije Wiken hjir rûnom 
roppe elk in “Wêz wolkom” ta.


De fyts- en kuierpaden   dwers troch de natoer, 
fol kleur en ljocht en skaden, sa ryk en toch net djoer.  


Opsterlân fol feanlân, o sa karakteristyk.  
Opsterlân mei polderlân, yn alles…… yn alles bist unyk.


Rêst en romte neist innoar,             
lykas muzyk, toaniel. 
Wy krije in protte foar elkoar. 
It brûst hjir fan kultuer.    
Wurkje oan de mienskip sin,    
troch en foar elkenien, 
gjin utopy, nee wier, it kin, 
op nei meiïnoar ien.


Opsterlân fol feanlân, o sa karakteristyk.  
Opsterlân mei polderlân, yn alles, yn alles bist unyk.


Opsterlân fol feanlân, o sa karakteristyk.  
Opsterlân myn Opsterlân, fielt hjir altyd, ja altyd, altyd as smoar smoarryk

 Adri de Boer augustus 2024

U kunt het gedicht ook beluisteren: 

Tsjoch

Wat sil it nij jier ús bringe, 
wat komt der sa al oan?
Lit it optimistme bringe,  
ha no genôch reboelje sjoen.
Net inkeld  initiatyf rûnom âld & nij. 
Altyd wer en konstruktyf  
moatte wy wer op wei, 
nei in takomst mei mear sinne, 
yn dizze  wrâld mei grut ferskaat.
Mekoar net foar de fuotten rinne,
mar mei gean op ien paad.              

Tsjoch op de takomst,    
tsjoch op elke dei.  
Tsjoch altyd mei reden,
en op dy en my. 
Tsjoch op it  ferskil, 
op de mienskipsin.
Tsjoch op de wil,
en wa wit op  in nij begjin

Toaste op in nije tiid 
Elk de romte litte, 
yn wat noch kommen giet 
kom mekoar ek wat  temjitte.

It sprekwurd fan allear,  
‘sinne en wille kin folle tille’, 
seit eins genôch, en noch mear, 
wy net safolle ferskille.

Sprek de taal fan mekoar as yn in jeugdsjoernaal 
Lústerje nei innoar elk hat ommers in ferhaal


Adri de Boer Jannewaris 2025 

U kunt het gedicht ook beluisteren: 

Goeiemoarn yn frijheid

It klinkt eins sa gewoan,
fanselssprekkend, in laits der by.
In knikje, in goeiemoarn !
’t Is folle mear as allinne frij.

Alle dagen in lyts winskje.
Mekoar freonlik groetsjend,
mei positive yntinsje        
yn ’t foarbygean as moetsjen.

Wy kinne altyd kieze,
libje salang al frij. 
Mar ’t is hiel gau te ferliezen.
Om ús hinne giet it der mâl omwei.

Dyn miening sizze kinne,        
mar haw ek begryp.                
Mekoar net ûntrinne                 
en twinge ta in: ‘ik ha gelyk’ !

Frijheid, ik omearmje dy,
mei alles wat ik ha.
Winskje dy en my,
tûzenen jierren in goeiemoarn yn frijheid ta.

Adri de Boer
Gemeentesjonger/dichter Opsterlân 2024-2026
 

De Lintsjesrein

Yn dwaan en litten is ‘t bysûnder
ek al fine jo fan net.
It jo doe sa ferwûndere
Wêrom bin ‘k  yn it sintsje set ?

Net samar yn it sintsje. 
De fertsjinsten foelen op.
Ûnderskiede wurde mei in lintsje,
is dochs werlik top.

De lintsjesrein de lintsjesrein,
skept hjoed dizze bân.
Oan jo allen ea fersein,
hjir yn Opsterlân.

Fertsjinsten yn in grut ferskaat.
Elk docht graach wat ‘r wol.
Út de foardracht  kaam dit resiltaat,
in soarte fan lytse oerfal.

Dat jimme allen folle dien ha,  
hoechde foar jo gjin inkel wurd.
Mar hiel wat dichtten jo dit ta,
dat it wier wol wat  betsjut.

De lintsjesrein de lintsjesrein,
skept hjoed dizze bân.
Oan jo allen ea fersein,
hjir yn Opsterlân

“Jo kriegen allen earder
in  lintsje  tabedielt.
Der binne hjir allegear ridders
dat, jo witte hoe dit fielt” .

By keninklik beslút
waard útrikke oan jo in lintsje.
Dus siz ik no ta ein beslút,
“ ’t Bliuwt yn’e brei echt in hiel grut krintsje”.

De lintsjesrein de lintsjesrein,
skept hjoed dizze bân.
Oan jo allen ea fersein,
hjir yn Opsterlân

Adri de Boer 
gemeentesjonger/dichter fan Opsterlân  2024-2026
 

Ús be-erf

Ús be-erf

Op hiel wat plakken, âld en grutsk
stiet wat de skiednis ús nei liet
in hûs, in gevel in overtún
dy’t flústert, wêr bliuwt de tiid.
    
Plakken mei sinne, pine
by elke poarte en yn elk rút
mei in ieuwenlang ferline
gie it úze takomst fier foarút.

De gemeentlike monuminten
mear as wat glês, stien en hout
it be-erf om fan te genietsjen
makket harren no ta goud.

Gjin stins as grutte state
mar in plak mei stim en siel
wêr ’t min gûlde wêr ’t min lake
bliuwt as monumint ús diel.

Kop-romp boerepleatsen,
tsjerken, in wettertoer
skieppeskuorre, as in stookhok
dêr giet it yn dit sankje oer
de gemeentlike monuminten
it binne de pearels om ús hinne
en mei in goed idee op tafersjoch
wy der noch lang fan genietsje kinne.


20-08-2025 
Adri de Boer
Gemeentedichter 2024-2026

Wolkom yn Opsterlân

Wees welkom hier in Opsterland
u bent naar hier gekomen
de gemeente in Zuid Oost
voor idealen en uw dromen.

Ik laat u kennismaken
met onze zestien dorpen
waaronder ook uw bakens
die bijna allen tweetalig geschreven worden.

Friesche Palen is Fryske Peallen
Siegerswoude Siegerswâld
Hemrik is De Himrik
Luxwoude is Lúkswâld
Beetsterzwaag is Beetstersweach
Wijnjewoude Wynjewâld
Langezwaag is Langsweagen
Gorredijk is De Gordyk

Lippenhuizen Lippenhuzen
Tijnje is De Tynje    
Ureterp is Oerterp
Bakkeveen is Bakkefean

Terwispel Olteterp Jonkerslân  Nijbeets

Deze laatste vier zijn nooit hertaald
weet daarvan ook niet de reden
het zal ooit zo zijn bepaald
’t blijft een mysterie tot op heden.

Het is meer dan de moeite waard
alle dorpen te verkennen
uw Opsterland uw huis en haard
taat uw levenslust verwennen.

Âlde dyk bring my thús
nei myn stee nei myn hús
hjir yn Opsterlân, wol ik wêze 
dyk nei hús bring my thus.

sept. 2025 
Adri de Boer 
gemeentesjonger/dichter fan Opsterlân  2024-2026
Geschreven voor de bijeenkomst rondom de nieuwe inwoners van Opsterland

Activiteiten

Onze gemeentedichter zal in 2025 actief zijn bij onderstaande activiteiten:

  • De nieuwjaarsborrel
  • Een gedicht schrijven voor 4 / 5 mei
  • De lintjesregen (25 april 2025)
  • De dag voor nieuwe inwoners (eerste zaterdag van oktober)

Daarnaast schrijft de gemeentedichter twee gedichten per jaar die aansluiten op een zelfgekozen onderwerp.